Bynt fan 20 maaie 2016 17:20

Bynt Sport op freed
De sport stiet hjoed wer sintraal yn Bynt Sport. En net ien sport, mar in hiel soad sporten! We hawwe it hjoed oer bygelyks fuotbal, sile en hurdfytse. De triennen fan Jelle ten Rouwelaar, it mooglike wûnder fan Cambuur, de oerwinning fan Pieter Weening, de medalje fan Pieter Jan Postma en de perikelen yn de direksje fan SC Hearrenfean. Oan tafel sille Friesch Dagblad-sjoernalist Gerard Bos, Omrop Fryslân-sjoernalist Andries Bakker en Fries Journaal-haadredakteur Albert van Keimpema der oer prate.

En fierder?
Docht de Kening fan Kongo fanút de Afrikaanske wyldernis syn foarsizzing oer in wedstriid by it... kuorbaljen! Ek hawwe we fansels wer in moaie priis te winnen yn Arjens Sportkwis. Wolle jo dêr kâns op meitsje? Stjoer dan in mailtsje nei bynt@omropfryslan.nl!

Arjens Sportkwis

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)