Bynt fan 20 maaie 2014 18:30

Revolúsjonêre nachtkamera
Der is grutte belangstelling foar in unike útfining fan it bedriuw Ziuz fan De Gordyk. Sy binne dit jier ûndernimming fan it jier yn Fryslân wurden. It bedriuw hat in nachtkamera ûntwikkele dêr't op revolúsjonêre wize bylden mei makke wurde kinne. Sels yn it pikkedonker binne de lytste details sichtber. Mei hege útsûndering mochten wy by de presintaasje wêze fan it apparaat.

Park renovearre mei Europeesk jild
Yn de rige fan dizze wike omtinken foar Europa. Want tongersdei moatte wy allegear nei de stimbus om in nij Europeesk Parlemint te kiezen. Hjoed sjogge wy by Groot Vijversburg yn Tytsjerk. It park ûndergiet op dit momint een metamorfoaze. Dat kin, mei troch Europeesk jild.

Binnenfeart is de takomst
Transport oer it wetter hat de takomst. No al giet mear as de helte fan it frachtferfier oer it wetter, en dat wurdt allinnich mar mear want it is goedkeaper en duorsumer. Arjen Mintjes, direkteur fan de Maritieme Academie, is hjir hillich fan oertsjûge. Hy is hjoed te gast..

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)