Bynt fan 20 juny 2014 18:20

Lêste Bynt foar de simmer
Jûn kinne jo noch ien kear sjen nei Bynt foardat Simmer yn Fryslân los giet. Wy helje alles út de kast om foarút te sjen op de simmer. Wat stiet ús allegear te wachtsjen op it mêd fan sport, kultuer en fakânsje yn 'e provinsje? Wy komme mei in oersjoch!

Alle presintatoaren
Ofrûne moannen hawwe jo genietsje kinnen fan de presintaasje fan Roelof Lousma, Diana de Groot, Miranda Werkman en Arjen de Boer. Dêrom binne se der alle fjouwer by yn ús lêste útstjoering. Diana en Arjen sille it part yn it kafee op harren nimme, Miranda nimt har plak neist Aat in de tún yn en Roelof komt live fan ferskate lokaasjes mei de saakkundigen.

Alle saakkundigen
Want dy saakkundigen, dy binne der ek allegearre. Oan tafel, Aat dus yn de tún en op spesjale lokaasje by Roelof. Sa sil er bygelyks bokse en fytse mei ús fêste gasten. Wy hoopje op in moaie en gesellige lêste útstjoering en winske alle sjoggers fan Bynt in goede fakânsje ta!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)