Bynt fan 20 jannewaris 2015 17:20

Crowdfunding hieltyd populêrder
Hieltyd mear minsken brûke crowdfunding (mienskipsstipe) om in nij bedriuw op te setten. Hjoed waard bekend dat der ferline jier 63 miljoen euro ophelle is yn ús lân mei dizze nije manier fan jild lienen. Freek Kramer út Snits hat, mei tank oan crowdfunding, it ôfrûne jier in teaterkafee iepene.

Bynten yn Fryslân
''De katedralen fan it lânskip.'' Sa omskriuwt Paul Borghaerts de ieuwenâlde buorkerijen yn Fryslân. Hy wennet sels op in pleats yn Easterein. As amateurhistoarikus klautere hy al 65 kear nei it topke fan in pleats om it byntwurk te ûndersykjen. Dêr wurdt no sels in ynternasjonaal ûndersyk fan makke.

Europa troch mei de Hûnekop
Ofrûne wike hat de yn Fryslân wrâldferneamde band de Hûnekop in reis troch Europa makke. Mei de auto gie it fan de Wâlden nei Portugal en werom. Bynt gie mei de mannen mei. Hjoed komme wy hieltyd tichteby Portugal.

Like ús ek op Facebook http://omrop.fr/FBBynt en meitsje kâns op in moaie priis fan de Hûnekop.

Bestriding fan swiere misdied
Oebele Brouwer wurdt fan 1 febrewaris ôf de nije resjerzje-offisier by it lanlik parket. Dêrmei is hy ien fan de twa heechste offisieren fan justysje yn hiel Nederlân. Hy sil him dwaande hâlde mei grutte en swiere misdied lykas likwidaasjes, minskehannel, drugs en jihadisme.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)