Bynt fan 20 febrewaris 2015 17:20

Bynt Sport op 'e redens

Bynt Sport sjocht jûn werom op it ôfrûne WK ôfstannen. Yn Thialf op It Hearrenfean waard foar de lêste kear foar de grutte ferbouwing in grut toernoai riden. Wat opfoel wie dat de bûtenlanners it in stek better diene as ferline jier by de Olympyske Spelen yn Ruslân. Of wiene de jonges en famkes út ús eigen lân just minder? Wy prate der oer mei Jillert Anema, Rintje Ritsma en Gerrit de Boer.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)