Bynt fan 2 maart 2015 17:20

It libben en wurk fan Rense Westra

Bynt stiet jûn folslein yn it ramt fan it ferstjerren fan akteur Rense Westra. Westra spile ûnder oare by Tryater, de searje Baas boppe Baas en de films de Gouden Swipe en de Fûke. Wy prate oer syn turbulinte libben en syn wurk mei trije kollega 's út it fak dy’t allegearre mei him spile ha: Hilly Harms, Meriyem Manders en Jan Arendz.

En yn ús rige gean wy it fjild yn. De meteorologyske winter is dien, mar yn de lannen sil gjin aaisiker te finen wêze dizze dagen. Wat docht dat mei it fjild, en mei de minsken? Kameraman Jan Bensliman en ferslachjouwer Bart Kingma lutsen de learzens oan en giene de greiden yn, op syk nei it fjildgefoel fan de betide maitiid.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)