Bynt fan 2 desimber 2015 17:20

Fryslân DOK: boargemasters yn krisistiid
De ôfrûne moannen binne in soad flechtlingen yn Fryslân oankaam. Ferskate doarpen en stêden krigen in needopfang. Programmamakker Dieuwke Kroese makke in ôflevering fan Fryslân DOK oer de rol fan de boargemaster yn Fryslân yn dizze perioade. It waard in dokumintêre oer krisis, tsjinstân, waarmte, emoasje, gearwurking, driuwfearren en dilemma’s.

Baywatch op ‘e Fryske waadeilannen
In simmer lang oan it wurk op ien fan ‘e Fryske waadeilannen as lifeguard. It klinkt as in fantastysk simmerbaantsje, mar hoe wurde je it eins? En wat moatte je dwaan? Linde Jelsma fan de KNRM leit it jûn út.

100 jier âld, en dan?
Twa wrâldoarloggen, de earste minsk op de moanne en de opkomst fan de digitale wrâld: de 100-plussers ha it allegearre meimakke. Wiene je eartiids al âld as je de 90 hellen, hjoed-de-dei is 100 wurde gjin útsûndering. Dizze wike yn Bynt fjouwer portretten fan fjouwer 100-plussers. Jûn Eelke Bakker fan 105 jier âld út Dokkum.

It grutte Waddenboek
Lânskipsfotograaf Maarten Westmaas hat in boek skreaun oer it Waad. Dêryn beskriuwt hy de skiednis fan it gebiet, dy’t hy yllustrearret mei selsmakke foto’s. Ek komme in soad persoanlike ferhalen fan de eilânbewenners foarby.

BY02LO04

Eelke Bakker fan Dokkum is 105 jier âld!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)