Bynt fan 19 septimber 2014 17:20

PSV-Cambuur
Mei Lucas Bijker fan SC Cambuur en sjoernalist Gerard Bos sjogge wy foarút nei de topper fan dit wykein. Nûmer trije Cambuur nimt it op tsjin koprinner PSV. Wat ferwachtet de ferdigener fan de wedstriid? En hoe fielt hy him yn syn nije rol sintraal achteryn?

Myn Klup: K.V. De Granaet
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike gean wy del by K.V. De Granaet.

It technysk belied fan SC Hearrenfean
Mei technysk direkteur fan SC Hearrenfean Hans Vonk prate wy oer sy taak by de klup. Tinkt hy dat Hearrenfean de simmer goed trochkaam is? Of hie hy noch spilers keapje wollen? Ek prate wy mei him oer Súd-Afrika, syn leafde foar wyn en oare saken dy't op tafel komme.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)