Bynt fan 19 maart 2014 18:30

Dizze wike sjogge wy oan de waadseekust. Hjoed binne wy tusken Lauwerseach en Harns. Dêr is oan ‘e kust net folle te belibjen. Der lizze kânsen, bêste foarbyld is de Dútske waadseekust. Dêr binne wol 10 strannen. Hoe kinne wy de waadseekust yn Fryslân better yn de merk sette?

Op dizze dei fan it reade potlead kinne wy der net omhinne. Mei bestjoerskundige Rieks Osinga prate wy yn Bynt oer de gemeenteriedsferkiezings. Wat tinkt hy bygelyks fan de (ferwachte) lege opkomst? En hoe binne de ferkiezings troch de jierren hinne eins feroare? Miskien wol it grutste tema fan dizze ferkiezings is de soarch. It ryk jout in protte taken oer oan de gemeenten. Binne dy dêr wol klear foar? Neffens kommisaris fan de Kening John Jorritsma, juster yn Nieuwsuur, net. Hoe sjogge Rieks en ús saakkundige Margreet de Graaf der tsjinoan? Wêrom krijt dit dossier no sa'n protte oandacht? En komt it goed?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)