Bynt fan 19 maaie 2016 17:20

Hoop foar Cambuur
Der is wer hoop foar Cambuur. Nei de degradaasje út de Earedivyzje wie alles wat giel en blau is yn mineur. Mar no’t de KNVB FC Twente weromsette wol nei de Jupiler League heart in nij seizoen yn de Earedivyzje foar de Ljouwerters ynienen wer ta de mooglikheden. Mei rassupporter Alfred Lehman en Cambuurwatcher Henk Albers beprate we de ferskate senario’s.

Klassike muzyk yn de bosken
In konsert yn 'e bosk, in hotelkeamer of yn it wetter. It Oranjewoud Festival giet tsjin alle regels fan de klassike muzyk yn. Yoram Ish-Hurwitz, artistyk lieder en oprjochter fan it festival fertelt wêrom.

Rige: boerinnekoar
It Boerinnekoar fan Grutte Pier is in hechte klup froulju oan it wurden. Yfke Tigchelaar fan Winaam sit der ek by. Se hat trije soannen. De âldste en jongste sitte yn de bargen en de middelste is sjauffeur.

Trije dagen prate oer de R
Der is net ien letter dy’t op safolle ferskate wizen útsprutsen wurde kin as de R. Sa is er de ‘huig-R’, de ‘tongpunt-R’ en de ferneamde ‘Gooische R’. Mar leafst trije dagen lang prate wittenskippers út binnen-en bûtenlân by de Fryske Akademy oer dit ûnderwerp. Miranda Werkman is op it kongres en praat mei ûndersiker Hans van de Velde.

BY19EP02

Rige: boerinnekoar

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)