Bynt fan 19 juny 2015 17:20

70 jier SKS Skûtsjesilen
Jûn sjogge wy foarút op wat der dizze simmer wer oankomt: It skûtsjesilen! Dat dogge wy troch werom te sjen op it 70-jierrige bestean fan de SKS. En kinne wy dan oare gasten útnoegje as de twa ferslachjouwers dy’t 35 jier tegearre ferslach dien ha? Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar skowe oan om te praten oer it machtich moaie skûtsjesilen.

Oerol
Bynt docht de hiele wike ferslach fan Oerol ôf. Wy binne op Skylge om de ferskate foarstellingen te besjen en der reportaazjes fan te meitsjen. Hjoed is Miranda op 'en paad mei de ferkearslieder fan de Brandaris. Tegearre geane sy nei de foarstelling ‘Reuzen’. Ek sjogge wy noch efkes by de premjêre fan de film ‘An Island’ dy’t oer Skylge giet.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)