Bynt fan 19 juny 2014 18:30

Ekskurzje op it Waad
It is eins best drok op de Waadsee mei fûgels, fisken, seehûnen en natuerlik minsken. De mieningen ferskille wolris wat oer hoe brekber hjir it lykwicht is tusken minsk en natoer, mar dúdlik is wol dat it iene net sûnder it oare kin. Op see bewake de minsken fan de saneamde Waddenunits dat lykwicht mei fjouwer skippen. Mar sy krije by dit saneamde monitoren hieltiten mear help fan rekreaasjefarders. Bynt gie mei op ekskurzje.

Skûtsjesilen: It Meeterskûtsje
It wurdt in histoaryske SKS-silerij dit jier: foar it earst yn 40 jier sil de 'B' fan Boalsert net mear te sjen wêze yn de float. Opmerklik foar in tradisjonele feriening as de SKS soene je tinke. It fernuveret skûtsjesaakkundige Klaas Jansma lykwols net. Sa kin je sjen yn it lêste diel fan ús rige oer de kommende SKS-kampioenskippen dat benammen giet oer it skûtsje fan de famylje Meeter.

Oerol
Foar de lêste kear dizze wike sjogge wy wer even by it Oerolfestival. Miranda praat ús by oer wat sy en Albert allegear tsjin kaam binne. Ek nimt se ús wer mei op twa moaie reportaazjes.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)