Bynt fan 19 jannewaris 2015 17:20

Nederlânsk kampioene sprint
Dit wykein waard Thijsje Oenema foar it earst yn har karriêre Nederlânsk kampioen op de sprint. Op de baan fan Kardinge yn Grins wie Oenema net te hâlden. Mei har oerwinning pleatste se har foar it WK sprint. Yn Bynt fertelt Thijsje oer har wykein, en wat se ferwachtet fan it WK.

De hongerwinter fan '44-'45
Mear as 20.000 minsken kamen om it libben yn de winter fan 1944-1945. Op it Fryske plattelân waarden bern út it hiele lân opfongen. It Frysk Fersetsmuseum komt santich jier letter mei in tentoanstelling oer de opfang fan dizze evakuees. Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum fertelt jûn oer dizze tentoanstelling.

Europa troch mei de Hûnekop
Ofrûne wike hat de yn Fryslân wrâldferneamde band de Hûnekop in reis troch Europa makke. Mei de auto gie it fan de Wâlden nei Portugal en werom. Bynt gie mei de mannen mei. Hjoed ride wy nei Parys. Like ús op Facebook http://omrop.fr/FBBynt en meitsje kâns op in Hûnekopbox út de Hûnekopsjop!

Blue Monday
Hiene je wat in min sin hjoed? Gjin nocht om oan it wurk te gean of gjin nocht om de doar út te gean? Dat is net sa nuver, want it is Blue Monday. De meast deprimearjende dei fan it jier. Harold Wenning, meiwurker fan de GGZ Fryslân, hat hjoed minsken de dei trochholpen fia WhatsApp...

Jan en Annie geane werom nei it hûs dêr't se de hongerwinter trochbrocht ha

Jan en Annie geane werom nei it hûs dêr't se de hongerwinter trochbrocht ha...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)