Bynt fan 18 septimber 2014 17:20

Skotlân kiest
Skotlân makket hjoed in tige belangrike kar. Bliuwe se by Ingelân, of gean se fierder as eigen lân? Hjoed is it dus in bytsje 'D-Day' foar Skot om utens Christopher Morgan. Hy wennet yn Ljouwert, mar hoe sjocht hy nei de situaasje yn syn heitelân Skotlân?

Operatie Grensland
In teaterstik dat him letterlik ôfspilet op de grins tusken Fryslân en Grinslân. Der draait it allegear om yn Operatie Grensland. In Frysk teaterselskip dat gearwurkje moat mei in teaterselskip út Grinslân, mar dat rint allegear gigantysk út de hân. Jûn is de premjêre, mar regisseur Pieter Stellingwerf skoot derfoar noch oan yn Bynt!

De einekoai by Eanjum
Bynt lit dizze wike fjouwer gebieten fan It Fryske Gea sjen, dy't op de nominaasje steane om opknapt te wurden. Hjoed is dat de einekoai by Eanjum. Ek dêr wolle se graach jo stim om as earste oanpakt te wurden.
Under alle stimmers op ús Facebookside ferlotsje wy 50 boeken fan It Fryske Gea!

Gé Reinders en Syb van der Ploeg
De ien is in echte Limboarger, de oare in echte Fries. Dochs ha se tegearre in CD makke, yn in miks fan Frysk, Limboarchsk en Hollânsk. Dat komt dúdlik nei foaren yn de single “Ich haai fan dy”, in ferske oer de leafde. Gé en Syb sille fertelle oer de gearwurking, it sjongen yn de taal fan de oar en se sille ek in nûmer spylje oan tafel.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)