Bynt fan 18 novimber 2015 17:20

Eangst nei Parys
De skrik sit der goed yn nei de oanslaggen yn Parys. Oeral liket de driging grutter as ea. Psycholooch Irma van Steijn leit út hoe’t wy omgean kinne mei de eangst foar terreur.

Driging yn Hannover
It moast in wedstryd fan hoop wurde. Nederlân soe juster fuotbalje tsjin Dútslân. Mar ek hjir koe it net trochgean troch de driging fan terreur. Fotograaf André Weening wie yn Hannover en makke it fan tichtby mei.

Ik bin benijd
Seis wiken lang folgje wy foar it programma Ik bin benijd in panel fan gewoane Friezen. Sy meie harren oardiel jaan oer kulturele eveneminten yn ús provinsje. Hjoed meie Roelof en Jikke Yntema foar ús op 'en paad.

Boaiemdelgong yn Wynaam
It hûs fan Rinze Post yn Winaam sit fol skuorren. Neffens him komt dat troch de sâlt- en gaswinning yn 'e buert. Nei in lange striid easket hy no antwurden fan de oerheid.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)