Bynt fan 18 novimber 2014 17:20

Geert Mak
Skriuwer en sjoernalist Geert Mak jout jûn in lêzing yn Skingen oer it tema 'Europa en Amearika. Wat hebben wij als burgers nog te betekenen?' Mar hoe sit it eins mei de demokrasy yn Fryslân? Hoe goed harkje ús bestjoerders nei ús?

Andries Veldman
Yn dit digitale tiidrek in tiidskrift útjaan, dat dogge net in soad sjoernalisten mear. Andries Veldman wol. Hy is bekend fan de website Liwwadders.nl. No begjint er in glossy mei deselde namme.

Sintrale As
Yn de rige fan dizze wike ride wy alle dagen in stikje fan de Sintrale As del. Hjoed binne wy by De Falom.

Pauline Broekema
Pauline Broekema is benammen bekend fan har reportaazjes foar it NOS sjoernaal. Mar resint doek se yn har eigen famyljeskiednis. En dy leit diels yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)