Bynt fan 18 maart 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Ofrûne wykein wie de finale fan de wrâldbeker reedriden op It Hearrenfean. Dêrmei kaam der in ein oan it seizoen. De grutte winner wie, hoe kin it ek oars, Sven Kramer. Hy waard kampioen op it EK en it WK allround en pakte ek noch titels op de 5 en 10 kilometer op de WK ôfstannen. Mei him nimme wy it reedrydjier troch. Ek sportsjoernalist en kritysk folger fan it reedriden Jaap Stalenburg en NOS-kommentator Herbert Dijkstra skowe oan.

Wouter olde Heuvel
Fan Jong Oranje ôf hawwe se byinoar yn de ploech sitten. De grutste freon fan Sven Kramer yn it reedriden is trainingsmaat Wouter olde Heuvel. Ofrûne wykein makke hy syn ôfskied fan it reedriden bekend, no’t hy troch blessueres net mear op it heechste nivo meidwaan kin. Wy seagen by him thús op It Hearrenfean.

En fierder?
Kinne wy fansels net sûnder Arjens Sportkwis. Dizze wike wurdt de fraach steld troch Wouter olde Heuvel. In tipke fan de sluier: it hat te krijen mei syn grutte maat Sven Kramer. De Kening fan Kongo kin ek net ûntbrekke yn Bynt Sport. Hy docht wer in ferrassende foarsizzing foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Heracles út Almelo.

Arjens Sportkwis mei... Wouter olde Heuvel!

Wisto it antwurd op de fraach fan Wouter olde Heuvel? Mail nei bynt@omropfryslan.nl!

BY18CP02

Hy is miskien wol de grutste freon fan Sven Kramer. We seagen op it Hearrenfean by Wouter olde Heuvel.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)