Bynt fan 18 maaie 2016 17:20

Twadde kâns foar BSB Staalbouw
Augustus ferline jier gie it hielendal mis: it pleatsen fan in part fan in brêge yn Alphen aan den Rijn. Fjouwer huzen rekken yn pún doe’t de kraan dy’t de brêge pleatse moast omfoel. In drama dêr’t it Fryske bedriuw BSB Staalbouw by belutsen wie. Hjoed krije se in twadde kâns. Afke Boven praat mei projektlieder Hendrik van Klaarbergen.

Fernijende finzenisdirekteur
Al 16 jier hat Henk Dillerop ûnderfining as direkteur fan ferskate finzenissen. Hy is ferneamd om syn ûnortodokse oanpak. Want eins leaut er hielendal net yn it opsluten fan kriminelen. Tongersdei jout er in lêzing yn de Blokhúspoarte.

Rige: boerinnekoar
Yn ús rige oer it Grutte Pier boerinnekoar fertelle de froulju iepenhertich oer harren húshâlding en de soargen dy't dat mei him meibringt. Yn dizze ôflevering fertelt Diddy har ferhaal.

Origami-firtuoas
Hy is in Fries, hy is ferneamd yn Japan en is dêr sels minsklik erfguod: Marten Sale Brouwer. Wat syn bysûndere gave is? Hy is geweldich mei origamy.

BY18EP03

Rige: boerinnekoar

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)