Bynt fan 18 maaie 2015 17:20

De rapste ierappelskilers fan It Bilt
Al jierren lang ferdiele se de prizen by it Biltsk kampioenskip ierappelskilen. Mem Klaske en dochter Gerrie stride ek moarn wer om de titel rapste Bildstarskiler op it jierlikse Lammetsymet. Jûn in lyts foarpriuwke mei beide froulju yn de studio.

Op paad mei Aat
Us Bynt-tún kriget der jûn in wylde diminsje by mei in hiel soad wylde blommen. Aat skoot oan foar de lêste tips yn dizze kâlde maitiid, en miskien hat hy ek noch wol ideeën foar de bêste ierappel om te skilen. Fansels hat Aat ek wer op 'en paad west mei ús eigen túnblomke, Miranda Werkman.

De keatsskoalle yn Arum
It keatsen sit yn swier waar. Bynt siket nei dé boppeslach dy't de tradisjonele, Fryske sport út de dip helje moat. Hjoed sjogge we dêrfoar by de keatsskoalle yn Arum. Dêr leare sa’n 80 jonge keatsers it fak.

In nij Cambuurstadion
Wy skeakelje live mei ús eigen Arjen de Boer, dy’t by it Cambuurstadion is. Dêr is om 5 oere in parsekonferinsje úteinset oer de takomst fan de klup. Om better te wêzen, de takomst fan it stadion. We prate mei foarsitter Ype Smid, dy’t dúdlik makket hokker en hoe’t de kar (fernijbou of nijbou by it WTC) makke is.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)