Bynt fan 18 juny 2014 18:30

Underdûkers op de pleats fan Van der Meer
De pleats fan de famylje Van der Meer út Burgum wie yn de Twadde Wrâldoarloch in feilich plak foar in soad ûnderdûkers. Pakesizzer Feije van der Meer wie altyd ynteressearre yn dit stikje skiednis, mar gie der fanút dat de ûnderdûkers fan doe no net mear yn libben wiene. Oant er begjin maaie ús programma Bynt seach. No gean wy mei him werom yn de tiid.

Skûtsjesilen: Bruorren
Oer goed in moanne barst it SKS-skûtsjesilen wer los. Mei wer in oantal nije skippers oan it helmhout. Wat dêrby opfalt is dat der hieltyd mear famyljerelaasjes yn de float komme. Mar komt dat de earlikheid en de striid wol ten goede. Skûtsjesaakkundige Klaas Jansma hat syn twifel, sa kinne je sjen yn diel trije fan ús rige.

Oerol
De hiele wike binne ferslachjouwers Albert Jensma en Miranda Werkman foar ús op Oerol. Wy skeakelje live nei harren ta om te hearren wat se allegear meimakke hawwe. En fansels litte wy de moaie reportaazjes sjen dy't sy foar ús makke hawwe.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)