Bynt fan 18 jannewaris 2016 17:20

73 miljoen skea troch mûzepleach, hoe no fierder? Njoggenhûndert Fryske boeren hawwe yn 2014/2015 yn totaal 73 miljoen euro skea oprûn troch de mûzepleach. Dat is in konklúzje fan it ûndersyksrapport fan Altenburg & Wymenga. Romke Schaap is ien fan dy boeren mei skea. Jûn yn Bynt fertelt hy oer de gefolgen fan dizze skea en wat hy kommend jier oars dwaan sil.

Reitse giet ynternasjonaal Op syk nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet ferskate kearen by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht klear út dat lân. De earste kear hoegde de kok net fier te reizgjen. Italla Coffe út Curacao is syn buorfrou en tegearre hawwe sy Sopi makke.

Hé dêr, ik brûk wotsêp! Frysk prate, dat kinne de measte Friezen wol, mar it skriuwen is in stik dreger. Undersyk docht bliken dat de Fryske jeugd hieltyd mear Frysk skriuwt, mar dat dat net altyd geef is. Dêrom sjogge wy fan ‘e wike hoe't jonge Friezen omgean mei de memmetaal op sosjale media.

Albums wrâldstjerren yn teater Legendary Albums Live, in nij teaterselskip dat albums fan grutte wrâldstjerren yn teaters spilet. It earste album is ‘Songs in the key of life’ fan Stevie Wonder. Solisten Sabrina Starke, Erica Yong en Ricardo Brugrust hawwe freed yn Snits de earste try-out fan dit legindaryske album. Mar Sabrina Starke fertelt jûn alfêst wat it album no krekt betsjut hat en wat de plannen fan Legendary Albums Live binne.

BY18AP01

Iris Kroes oer Frysk op sosjale media

BY18AP03

Reitse giet ynternasjonaal: Sopi

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)