Bynt fan 18 febrewaris 2016 17:20

    Dossier REC
    De ûnrêst rûn ôffaloven REC yn Harns is noch net foarby. Justerjûn wie it ûnderwerp fan petear yn de Provinsjale Steaten. Miranda Werkman praat ús by.

    Feteranen
    De oarloch yn Nederlânsk-Ynje hat by in soad âld-striders djippe wûnen efterlitten. Bynt praat dizze wike mei fjouwer bern fan feteranen oer dizze noch altyd dreech te ferwurkjen perioade. Hjoed it ferhaal fan Jan Gaastra.

    ‘Allo ‘Allo yn it Frysk
    René Artois, Mimi, Yvette en Herr Flick binne de personaazjes út de bekende searje 'Allo 'Allo. Ynkoarten binne se ek yn Fryslân te sjen, want toanielferiening Artiku út Koudum giet mei it stik de planken op. ‘The fallen Madonna with the big boobies’, hoe klinkt dat yn it Frysk? Oan tafel regisseur Jan Arendz.

    Held fan ’63 krijt boek
    Nei syn oerwinning yn de barre Alvestêdetocht fan 1963 waard Reinier Paping in nasjonale held. Mar in boek oer syn libben, dat wie der noch net. Hjoed, op syn 85e jirdei wie it dan dochs safier. Skriuwer Mark Hilberts mocht Paping it earste eksimplaar oanbiede.

    BY18BP01

    Jan Gaastra oer syn heit Willem Gaastra, dy't focht yn Nederlânsk-Ynje.

    BY18BP05

    Toanielferiening Artiku yn Koudum is drok oan it repetearjen foar it stik 'Allo 'Allo.

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)