Bynt fan 18 febrewaris 2015 17:20

Doekle Terpstra
Minsken kinne him fan it fakbûn CNV, de HBO Raad, hegeskoalle InHolland en de KNSB. It binne allegear organisaasjes dêr’t Doekle Terpstra wurke hat. Op it stuit is de Fries oan it wurk as ZZP’er. Hoe befalt him dat?

Gymnastyk op skoalle
Jûn is op It Hearrefean it Sportgala Fryslân. Wa wurde sportman, sportfrou en sportploech fan it jier? Neist de prizen foar de topsporters wurdt jûn ek de sportstimulearingspriis útrikt. Dy is foar de skoalle dy't de aardichste gymnastykles jout. Faklearkrêft gymnastyk Annieck Bos leit út werom spesjale gymnastykles belangryk is.

Op besite by Jacco fan Empatec
Yn Fryslân binne der 5000 sosjale wurkplakken. Troch saken lykas de nije partisipaasjewet komme de ynstellingen hieltyd mear ûnder druk te stean, en dit soarget foar ûnrêst ûnder it dochs al sa kwetsbere personiel. Dêrom dizze wike yn Bynt de minsken fan it sosjale wurkplak.

De Alvestêdetocht van 1985
Dit wykein is it tritich jier lyn dat de Alvestêdetocht van 1985 riden waard. Foar de NPO oanlieding om de trettjin oeren duorjende tillevyzjeútstjoering fan doe yntegraal út te stjoeren. Ad van Liempt wie doe einredakteur fan it NOS sjoernaal, en fertelt oer dy bysûndere dagen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)