Bynt fan 18 febrewaris 2014 18:30

Twa kear yn it jier wurdt it Woudagemaal op De Lemmer 'ûnder stoom' brocht. It gemaal wurdt dan yn wurking setten by wize fan demonstraasje. Sa kin takomstich betsjinjend personiel leare hoe't it yn syn wurk giet. De kamera's fan Bynt mochten by dit bysûndere momint oanwêzich wêze. Jûn binne de bylden dêrfan te sjen.

Yn de rige binne wy hjoed by Halbe Klynstra fan Kûbaard. Hy wie ien fan de earste boeren mei in eigen wynmûne. Wat fynt hy fan de nije plannen foar grutte wynmûneparken yn de Iselmar?

En we prate mei Tim Laning. Syn bedriuw ûntwikkelet kompjûterspultsjes dy't foar 'serieuze' doeleinen brûkt wurde. Se wurde bygelyks ynset yn de soarch om sjirurgen op te lieden. Schelte Meinsma skoot ek oan om mei te praten oer dizze positive kanten fan gaming.

En we sjogge opnij yn Sotsji, ditkear by de Friezen yn it Holland House.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)