Bynt fan 17 septimber 2015 17:20

Bliuwt de Omrop selsstannich?
Hoe komt it mei de selsstannigens fan ús Omrop? Andries de Blauw, foarsitter fan de freonen fan Omrop Fryslân, praat jûn yn Bynt oer de dei fan it Fryske wurd, no sneon, en de gearkomste yn Provinsjale Steaten fan takom wike tiisdei.

Op syk nei “de échte Fries”
Wat makket ien no in echte Fries? Moasto bûter, brea en griene tsiis ite? Hielendal gek wêze fan skûtsjesilen en keatsen? Sjoernalist en ymport-Fries Mylené de la Haye sil it de kommende moannen foar ús útsykje!

Lekker ite yn Noorderhoek
Yn dizze Wike fan de Smaak sjocht Bynt yn op de bysûndere kulinêre filosofy fan soarchgroep Tellens. Want, sa is de gedachte, as je âld wurde, falt hieltyd mear om je hinne wei. Hjoed wurdt dat yn de praktyk brocht âldereintehûs Noorderhoek mei it projekt ‘Eten in de Wijk’.

De Gouden Jierren
Us libben is yn 50 jier tiid bot feroare. Skriuwster Annegreet van Bergen skriuwt deroer yn de bestseller ‘Gouden Jaren’. Hjoed wie der ek in lêzing fan Annegreet yn Ljouwert, en jûn skoot se oan yn Bynt.

BY17IO02

âldereintehûs Noorderhoek yn Snits

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)