Bynt fan 17 septimber 2014 17:20

De bêste blomstylist
Se hat in blommewinkel yn Snits, en dêrmei hat se al in protte nasjonale en ynternasjonale prizen wûn. Yn de wrâld fan de blomsierkeunst is se in bekendheid. Mar it grutte publyk leart Hanneke Frankema no pas kennen. Se is nammentlik sjuerylid fan it TV-programma Hollands Beste Bloemstylist. Jûn fertelt se dêroer yn Bynt.

Is sporte wol sa sûn?
Op jierbasis ferstjerre sa'n 150 oant 200 amateursporters by it sporten. Dit wykein kaam der bygelyks noch in dielnimmer fan de triatlon op It Amelân om. Dêrtroch ûntsteane ferskate misferstannen, want is sporten wol sa sûn as faak sein wurdt? Wannear ûntstiet in risiko by it sporten en wat kinne wy, amateursporters, dwaan om dy risiko's foar te kommen? Dêr prate wy oer mei Silvia Brouwer, dosint sportsûnens en sels triatleet.

Park Jongemastate by Raerd
Bynt lit dizze wike fjouwer gebieten fan It Fryske Gea sjen, dy't op de nominaasje steane om opknapt te wurden. Hjoed is dat it park Jongemastate by Raerd. Sy wolle graach jo stim om sa as earste oanpakt te wurden.
Under alle stimmers op ús Facebookside ferlotsje wy 50 boeken fan It Fryske Gea!

Al 75 jier fare yn in Valk
Eltsenien dy't wolris it wetter op giet, hat der wolris yn sitten. De Valk is ien fan de ferneamdste boatsjes fan ús lân en bestiet 75 jier. Se wurde foaral brûkt troch sylskoallen, mar der wurde ek noch hieltyd wedstriden mei dien. Wy giene del by de bou fan in Valk, en yn de studio skoot Roelof Wester oan, dy't oer de skiednis fan de Valk fertelt.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)