Bynt fan 17 novimber 2014 17:20

Fûgelgryp
It is in ramp foar de plomfeesektor. Sûnt sneintemoarn is der in lanlik ferfiersferbod ynsteld foar fûgelguod, aaien en plomfeedong. Dit is dien om't yn Utrecht in fariant fan de fûgelgryp konstatearre is. Wy prate der jûn oer mei Hetty Sinnema fan de Fûgelhelling, dy't har grutte soargen makket.

Guozzen op it menu
In broadsje guozzeburger by de snackbar of miskien wol in stikje bôle mei guozzepatee yn de sportkantine. De kommende jierren wurdt Fryslân oerspield mei kilo's guozzefleis, dus is it goed om fêst oan it idee te wennen. Reitse Spanninga giet foar Bynt op jacht nei in hearlik resept mei guozzen.

De Sintrale As
De Sintrale As moat Dokkum better berikber meitsje. Der wurdt al jierrenlang oan de dyk wurke, en dat duorret ek noch wol even. Yn 2016 moat er klear wêze. Bynt stjoert dizze wike ferslachjouwer Eduard Rekker by de Sintrale As del om te sjen hoe't it der foar stiet. Hjoed begjint er yn Dokkum.

It nije Fryske mediasintrum
Wurdt it in revolúsje yn sjoernalistyk Fryslân? Der moat in nij Frysk mediasintrum komme, en Siebe Annema moat de minsken der entûsjast foar krije. Hoe kinne de media yn Fryslân neffens him better gearwurkje? En wat hawwe de minsken thús deroan? Annema leit it út yn Bynt.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)