Bynt fan 17 maart 2014 18:30

Yn it hiele lân binne listlûkers op 'en paad om stimmen te winnen foar de gemeenteriedsferkiezings. Sy dogge dit net allinnich mei debatten, mar ek mei posters, slogans en flyers. Hjoed is kommunikaasjestrateech Wytze Visser fan Merkmakers te gast yn Bynt om dizze posters ris goed te besjen. Wat makket no in goede foto? Hoe betinke je in 'pakkende' slogan? En hokker posters slaan folslein de planke mis?

Utsein de Waadeilannen is der net in soad te dwaan lâns de Fryske Waadkust. Allinnich Harns hat in echt strân. Dat kin oars, fynt skriuwer en waadleafhawwer Peter Karstkarel. Bygelyks troch strannen op te spuitsjen of moaie havens oan te lizzen. Yn de rige fan dizze wike ha wy it oer de kânsen foar de Waadkust.

En Reitse Spanninga is te gast by slachter Spijkerman yn Akkrum. Hy makket "Parmaham". Dat stiet tusken skrapkes, want offisjeel mei dizze ham allinnich sa hite as it yn Parma makke is. Mar it produkt fan Spijkerman smakket wol like goed. Ek is Reitse op de biobuorkerij fan Jaap Frerichs om út te finen wêr't dit lekkere hapke wei komt.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)