Bynt fan 17 juny 2015 17:20

Swiperiden
Sneon is foar Geert de Vries in bysûndere dei. De grutte man fan it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert sil dan Kening Willem-Alexander meinimme nei in âlde Fryske tradysje. De beide mannen sille op besite by it swiperiden.

Yoga-sup
Hast alles is al besocht mei yoga. Do kinst itensiede kombineare mei yoga, op yoga-fakânsje en do kinst yoga dwaan tegearre mei spesjale muzyk. No is der wer wat nijs. Rianne Hoekstra út Ljouwert docht oan yoga-sup. Yoga yn kombinaasje mei it saneamde Stand Up Paddleboard. Dat is earst in stikje peddelje op in surfplanke, en dernei yoga op it wetter...

Oerol
Bynt docht de hiele wike ferslach fan Oerol ôf. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op Skylge om de ferskate foarstellingen te besjen en der reportaazjes fan te meitsjen. Hjoed is Miranda foar ús yn de bosk Hartkuiltje. Dêr wie in foarstelling oer in ramp dy’t Skylge yn 1886 oerkaam; 50 bern giene dy winter dea oan in bernesykte. Albert bedarre yn Cros Sing. Muzikale snoepkes yn in strjitteaterfoarstelling.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)