Bynt fan 17 jannewaris 2014 18:30

Fryslân wol jild fan it Ryk foar de skea dy't ûntstien is troch de gaswinning. Der hawwe yn ús provinsje, yn tsjinstelling ta Grinslân, gjin ierdbevings west, mar der is wol skea troch boaiemdelgong. Yn de studio sit deputearre Sietske Poepjes, dy't fertelt op hokker manier sy wol dat Fryslân kompensearre wurde moat. Te gast binne ek de boargemaster fan Frjentsjerteradiel Fred Veenstra en Rinse Post fan Winaam, dy't skea hat fan de boaiemdelgong.

It is winter en dus sitte we foar de televyzje, mar eartiids fertelden de minsken elkoar âlde folksferhalen. Yn Bynt ha wy dêrom de hiele wike dwaande west mei it ferhaal fan Adam hurdrider. Hjoed fertelt masterferteller Douwe Kootstra hoe't it ôfrint.

Dit wykein is yn Dresden it EK shorttrack en yn Japan stiet it WK sprint op it programma. Binne dizze eveneminten wol belangryk yn in Olympysk jier? Of binne alle riders drok mei de tariedings foar Sotsji? We prate yn Bynt oer beide toernoaien mei fêste gast Gerard Bos en âld-sprinter en reedrydcoach Jan Ykema.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)