Bynt fan 17 febrewaris 2015 17:20

Terreur yn Denemarken
Denemarken wie dit wykein efkes it sintrum fan de wrâld. Twa minsken waarden deasketten en twa rekken ferwûne by de terreuroanslaggen yn Kopenhagen. Juster kamen tritichtûzen minsken byinoar om de oanslaggen te betinken. Wy prate der oer mei Friezinne Sietske Vlieger, dy’t al sûnt de jierren tachtich yn Denemarken wennet.

In universiteit yn Ljouwert
Mei de steateferkiezingen yn it foarútsjoch wol Omrop Fryslân de kommende wiken de dreamen fan ús provinsje fange. We begjinne mei dy fan professor Jouke de Vries. Jierren lang dreamde hy dat Fryslân in eigen universiteit krije soe. Fan 1 maaie ôf sil dy dream útkomme.

Op besite by it sosjale wurkplak
Yn Fryslân binne der 5000 sosjale wurkplakken. Troch saken lykas de nije partisipaasjewet komme de ynstellingen hieltyd mear ûnder druk te stean, en dit soarget foar ûnrêst ûnder it dochs al sa kwetsbere personiel. Hjoed sjogge wy by Johan Lodewegen. Hy is wurkbegelieder by Caparis.

Jetta Klijnsma
Twa basisskoallen yn Ljouwert hawwe hjoed steatssekretaris Jetta Klijnsma op besite. Sy komt om te sjen hoe't it giet mei de saneamde Klijnsmajilden. Gemeenten hawwe yn 2013 dat ekstra jild krigen foar skuldhelpferliening en it bestriden fan earmoed. Doe is ek begongen mei it saneamde Bernepakket en dat hat de gemeente Ljouwert ek tapast.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)