Bynt fan 17 desimber 2013 18:30

Sjoerd Galema is de nije foarsitter fan VNO-NCW Noord, ôfdieling Fryslân. Hoe sjocht hy oan tsjin de ekonomy, no’t de foarsizzings binne dat 10 prosint fan de Friezen takom jier wurkleas is? Us fêste gast Geesje Duursma skoot by him oan. As ûndernimmer hat sy ek wol wat fragen foar de nije foarman fan de wurkjouwersorganisaasje.

Se binne de helden fan it wetter, de frijwilligers fan de KNRM. Mar wat beweecht in mins om syn of har libben op it spul te setten? Yn Bynt in petear mei Derk van Dieren fan de KNRM. Hy nimt Anke Postma mei, ien fan de nijste leden fan it frijwilligersteam yn Harns.

Oer 51 dagen begjinne de Olympyske Spelen yn it Russyske Sotsji. In spannende tiid foar de Fryske reedriders. Noch net alle startplakken foar it toernoai binne ferjûn. Dêrom prate wy dizze wike yn de rige mei fiif reedriders dy’t noch stride moatte om in ticket nei Ruslân. Hjoed: Antoinette de Jong.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)