Bynt fan 17 april 2014 18:30

The Dance Factory is in begryp yn Fryslân. Of moatte we sizze: wie in begryp. Want de ferneamde diskoteek giet per direkt ticht, sa makke de eigener bekend. Hiele generaasjes Friezen hawwe moaie herinnerings oan de disko yn Berltsum. Wy sjogge jûn werom op miskien wol de ein fan in tiidrek.

De brommer wie in de jierren 70 ien fan de populêrste ferfiermiddels yn Nederlân. Merken as Puch, Kreidler en Zündapp makken de tsjinst út. Mei it nostalgy wykein foar de doar gean wy hjoed del by Jan Bok yn Nij Beets. Hy hat noch in âld racemeunster fan Kreidler yn de skuorre stean.

Sels bepale wat er op it grutte doek te sjen is, wa wol dat no net? Mei it nije inisjatyf 'We Want Cinema', dat jûn fan start giet, kin it publyk sels harren favorite film programmearje. Alde films krije sa wer in nije kâns op publyk en de sjogger kin himsels wer efkes ûnderdompelje yn eigen oantinkens. Wy prate oer dit inisjatyf mei ús kultuersaakkundige Sjoerd Bootsma en mei Fredau Buwalda fan Slieker Film.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)