Bynt fan 16 septimber 2015 17:20

    Sijbren de Hoo wie in held
    It Joadske famke Paulette waard op it nipperke rêden fan in wisse dea. Se wurdt út de hannen fan in korrupte Nazy kocht troch de Ljouwerter Sijbren de Hoo. 72 jier letter kaam Paulette yn kontakt mei de soan fan Sijbren: Peter de Hoo.

    Elk bern yn de kunde mei in Fryske sport
    Alle Fryske bern moatte yn ‘e kunde komme mei Fryske sporten. Dat is alteast de dream fan de nije direkteur fan Sport Fryslân. Mar hoe sjocht Anne Jochum de Vries dat dan foar him?

    Lekker ite yn Nij Stapert
    Yn dizze Wike fan de Smaak sjocht Bynt yn op de bysûndere kulinêre filosofy fan soarchgroep Tellens. Want, sa is it idee, as je âld wurde, falt hieltyd mear om je hinne wei. Hjoed wurdt dat yn de praktyk brocht yn Wommels, yn soarchsintrum Nij Stapert.

    Wurkje yn oarlochssituaasjes
    Oarlochskorrespondint Peter ter Velde fan de NOS hat syn wurk yn Irak en Afganistan dien. Faak yn hiel gefaarlike situaasjes. Jûn jout hy in lêzing yn Goutum oer “religy & geweld”.

    Byn_Tellens_3_Wommels

    Soarchsintrum Nij Stapert yn Wommels

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)