Bynt fan 16 oktober 2015 17:20

    Bynt Sport op freed

    Freedtejûn betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport. En ek dizze wike prate wy wer oer it betelle fuotbal yn ús provinsje. Dat dogge wy mei analist en keeper Theo Timmermans en fêste analist Geert van Tuinen.

    Fierder skoot Joey van den Berg oan. Mei de oanfierder fan SC Hearrenfean sjogge wy nei de prestaasjes fan de Feansters. It rint net by de ploech út it Fryske Haachje. Hoe besykje se dat om te kearen?

    Ek sjogge wy by de training fan UDIROS. Dêr is Jordy Buijs nammentlik ferantwurdlik foar de training. En wy gean del by SC Cambuur foar in petear mei topskutter Bartholomew Ogbeche. Hat syn ploech de wei nei boppe fûn?

    Dat, de Kwis en folle mear. Jûn yn Bynt Sport.

    BY16JO05

    Kwis mei & Win

    BY16JO02

    Hoe is it mei Bartholomew Ogbeche?

    BY16JO03

    Jordi Buijs is assistint by UDIROS

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)