Bynt fan 16 juny 2016 17:20

Oranje op it EK
Hiel Nederlân sit jûn foar de buis, want om 9 oere komt der wat Oranje's yn aksje op it EK fuotbal. Net it alvetal, mar wol it arbitrale trio Bjorn Kuipers, Sander van Roekel en ús eigen Erwin Zeinstra fan Dronryp. Ald-skiedsrjochter Adriaan Inia wit dat dit net samar in putsje is, want der binne in protte spulrigels feroare.

Europa beweegt mei "Let's Dance"
Yn Ljouwert, Glasgow, Bremen en Granada dogge minsken mei oan it projekt "Let's Dance". Bedoeld om minsken fia dûnsjen yn beweging te krijen. Koreografe Grietine Molenbuur begeliedt de Fryske dielnimmers, en dat is foar har ek hiel wat oars, want se wurket no mei minsken dy't hielendal net wend binne te dûnsjen.

Gelok en in populêre sjongeres op Oerol
Instant Happinez: we wolle gelok en we wolle it no. Oer ús gedrach yn dizze 'wegwerpmaatschappij' giet de foarstelling dêr't Miranda Werkman hinne gie mei dûmny Mathilde de Graaff. En de sjongeres Diede is 'hot' op it stuit. Dêrom nûge Oerol har út om in nije singel te meitsjen op it eilân.

Instant Happiness op Oerol

Sjongeres Diede oer har Oerolsingel

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)