Bynt fan 16 febrewaris 2015 17:20

Goud en brûns op it WK ôfstannen
It lêste wykein fan it âlde Thialf wie yn alles histoarysk. Ek foar de 32-jierrige debutant Douwe de Vries, dy’t op syn earste WK in gouden en in brûnzen medalje wûn. De earste mei de ploech op de achterfolging, de twadde op de fiif kilometer. Nei syn suksesfolle wykein skoot Douwe jûn oan yn Bynt.

Alde famyljeresepten
In pear wike ferlyn die Reitse Spanninga in oprop oan de sjoggers fan Bynt. Hy wie op syk nei âlde famyljeresepten. Dat hawwe wy witten. Ut alle ynstjoeringen hawwe wy in foar-, haad- en neigerjocht útsocht, en Reitse hat it klearmakke.

Op besite by it sosjale wurkplak
Yn Fryslân binne der 5000 sosjale wurkplakken. Troch saken lykas de nije partisipaasjewet komme de ynstellingen hieltyd mear ûnder druk te stean, en dat soarget foar ûnrêst ûnder it dochs al sa kwetsbere personiel. Dêrom dizze wike yn Bynt de minsken by it sosjale wurkplak.

Boeren binne de dokters fan de ierde
De dokter moat learaar wurde, de learaar in boer en de boer moat dokter wurde. Sa moat de wrâld sûn makke wurde. Dat is yn it koart de fyzje fan Martien Lankester. Hy is ien fan de earste biologyske boeren fan Fryslân. Dêrnei ynspirearre hy boeren fan de Kaukasus oant Súd-Afrika itselde te dwaan.

.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)