Bynt fan 15 oktober 2014 17:20

Hommeles yn de keatswrâld
It keatsen ferkeart yn in krisis. Der komme hieltyd minder besikers op de fjilden, omdat it spultsje troch de bal en de want te statysk wurden is. It taktyske tuskenspul is ferdwûn en dêrmei ek de spanning. Alteast, dat skriuwt Johannes Westra, de foarsitter fan de PC, hjoed yn in iepen brief oan it KNKB en de bestjoeren fan de 125 keatsferienings yn ús provinsje. Yn Bynt reagearret âld-keatser Jan Willem van Beem, de nagelnije foarsitter fan de keatsferiening yn Dronryp, op de brief en de krisis yn de keatssport.

Minsken helpe mei de Oculus Rift
Yn in eardere ôflevering fan Bynt koest sjen dat de Oculus Bril goed ynset wurde kin foar de behanneling fan minsken mei in eangststeurnis. Wy fûnen dat sa nijsgjirrich, dat wy by helpynstânsje Reik del giene foar in demonstraasje. Wy seagen dêr hoe't pedagooch Gepke Bouma in famke mei pleineangst behannelet mei de Oculus Rift.

Wekker wurde mei Sake Hijlkema
Yn it ramt fan de Fryske muzykwike giet der alle dagen in Fryske muzikant op paad yn ús provinsje. Harkers fan Omrop Fryslân wurde op dizze manier ferrast mei in húskeamerkonsert. Bynt gie hjoed ek wer mei, en die dat dizze kear mei sjonger Sake Hijlkema.

Sjongeres Janneke Brakels
Yn de Fryske muzykwike sjogge wy yn Bynt nei Fryske muzikanten dy't bûten de provinsje in soad súkses hawwe. Hjoed dogge wy dat mei sjongeres Janneke Brakels. Sy hat de lêste jierren ûnder oaren mei it Noard Nederlânsk Orkest de musical 'Soldaat van Oranje' spile. Har nijste projekt wie om mei datselde NNO it projekt ABBA nei de teaters te bringen. Jûn skoot Janneke oan yn Bynt om ús der alles oer te fertellen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)