Bynt fan 15 novimber 2013

De gemeente Ljouwert wol dat studintekeamers en apparteminten yn de binnenstêd tenei in karmerk krije, om dúdlik te meitsjen dat se oan alle feilichheidseasken foldogge. De wenten moatte dan wol faker kontrolearre wurde. Troch yngewikkelde regeljouwing bart dat no net. Yn Bynt in wiidweidige reportaazje oer it karmerk foar feilige studintekeamers. De gemeente Ljouwert wol nei de grutte brân op 19 oktober, mei in deadlik slachtoffer, it betrouwen as feilige stúdzjestêd weromkrije.

Berber van den Berg fertelt hoe't sy dressuerriders helpe kin mei har training. Op It Hearrenfean komme bygelyks Adelinde Cornelissen (sulver op de Olympyske Spelen fan Londen 2012) en Kim Jacobi (Frysk kampioen 2012) foar ekstra training.

En yn de lêste ôflevering fan de rige sjogge wy hjoed by Sonja de Witte, dy't krekt ferhuze is fan in flat nei de begeane grûn. Soe se har flat al misse?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)