Bynt fan 15 maart 2016 17:20

In swarte dei foar Omrop Fryslân
De Earste Keamer naam hjoed lang om let de mediawet fan steatssiktaris Sander Dekker oan. Dat betsjut dat Omrop Fryslan nei 28 jier de selsstannigens ferliest, en opgiet yn in kluster fan regionale omroppen. Freonen, harkers, sjoggers en personiel fan Omrop Fryslân hawwe har bot ynset om dit foar te kommen. Henk Te Biesebeek jout, as wurdfierder fan de aksjefierders, syn reaksje.

Friezen ynvestearje meast yn mikrokredyt
Fan alle Nederlanners belizze Friezen it meast yn mikrokrediten. Earme minsken yn ûntwikkelingslannen krije dêrmei jild om in eigen ûndernimming op te setten. Se kinne dêr bygelyks in naaimasine, in winkel of ark fan keapje. Hennie van Amerongen is ien fan de 800 Friezen dy't beleit by Oikocredit. Sy fertelt oer har motiven.

Wa sjongt de Mattheus Passion
De peaskedagen komme der oan, en dat is ek de tiid fan de Matthëus Passion. De oratoariumferiening fan Boalsert hat yn Fryslân de langste tradysje fan it útfieren fan dizze Passy. Yn de rige fan dizze wike stelle we fjouwer koarleden oan jo foar.

Flechtelingenkamp Idomeni
Kameraman Rudy Bouma wie de ôfrûne wike yn Idomeni, in flechtlingekamp op de grins fan Grikelân mei Masedoanië. Alle dagen komme dêr tûzen minsken oan, en de omstannigheden binne hiel min. Rudy folge in pear Nederlânske frijwilligers dy't de minsken dêr te help komme, en makke der in dokumintêre fan.

BY15CP05

Sjoch nei ien fan de sjongers fan de Mattheus Passion fan Boalsert.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)