Bynt fan 15 juny 2016 17:20

Wiete fuotten
It waarberjocht foar hjoed: tonger, hurde wyn, hagel en yn it binnenlân kâns op wiete fuotten. It is koade giel yn Fryslan...

Ien man dy’t alles wit fan wiete fuotten is Symon Odinga fan Grou. Al twa kear wie it raak de ôfrûne wike. Syn folsleine tún stie blank, mei grutte skea ta gefolch.

En we prate mei Pyt Paulusma. ‘Clusterbuien’ as dy fan de ôfrûne dagen hearre ta de nije realiteit, mar wat kinne wy dwaan om grutte skea foar te kommen?

In nacht op Flylân
Programmamakker Bart Kingma wurket oan in bysûnder nij projekt. Ynspirearre troch it programma ’24 uur met...’ bringt hy in nacht op Flylân troch mei bekinde Friezen. Hokker ûntbleatings sille dizze nachtlike petearen opsmite?

Oerol
Op Oerol kinne je dizze wike frijwillich mei in flechtlingeboat meifarre. Miranda Werkman fertelt hoe't dat fielt.

Miranda fart mei mei rederij Lampedusa

Albert dûkt yn it Waadûndersyk op it skip de Narvicula

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)