Bynt fan 15 juny 2015 17:20

Fit mei Femke
It waar sit miskien noch net hielendal mei, mar fan 'e moarn wie de offisjele ôftraap fan Simmer yn Fryslân 2015. In wichtich plak is derby ynromme foar it programma ‘Fit mei Femke’. Troch in podcast te folgjen kinsto dizze simmer, tegearre mei presintatrise Femke de Walle, traine foar de 5 kilometer by de Burgumrun yn septimber.

De Bynt-tún
Miranda Werkman sit dizze wike foar ús op Oerol, mar earst hat se noch efkes by Aat del west yn de Bynt-tún. En omdat se túch út de tún helje net sa aardich fynt, moat se dêr in oplossing foar fine. Fierder sil Aat yn de studio fragen fan sjoggers besykje te beäntwurdzjen.

Oerol
Bynt docht de hiele wike ferslach fan Oerol ôf. Miranda Werkman en Albert Jensma binne op Skylge om de ferskate foarstellingen te besjen en der reportaazjes fan te meitsjen. Sa dûke wy ûnder yn de kulturele wrâld dy’t Oerol is...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)