Bynt fan 15 jannewaris 2016 17:20

Bynt Sport op freed
15 jannewaris 2016. It is de datum dy't by de fuotballeafhawwer yn it read ûnderstreke is yn 'e aginda. Hjoed set de earedifyzje wer útein. De Fryske fuotbalklups komme sneon yn aksje. SC Cambuur krijt Vitesse op besite en SC Hearrenfean spilet yn it IJsseldeltastadion tsjin PEC Zwolle. We prate der jûn oer mei Cambuur-trainer Henk de Jong, Foppe de Haan (SC Hearrenfean) en sportsjoernalist Gerard Bos fan it Friesch Dagblad.

De oankeapen
Beide Fryske klups hawwe net stil sitten yn 'e winterstop. Darryl Lachman en Tom Hiariej komme yn 'e twadde seizoenshelte út yn it geel-blau fan SC Cambuur en by SC Hearrenfean is Arber Zeneli de nije oanfaller.

Is dat alles?
Nee, fansels net! Wy hawwe ek noch de kwis, Bynt Sport giet langer troch op ynternet (www.omropfryslan.nl/bynt) én foar de Toto sjogge we yn... Afrika!

BY15AP03

De twa oanwinsten fan SC Cambuur

BY15AP02

Nije Hearrenfean-oanfaller Arber Zeneli

TR7794

De Kwis

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)