Bynt fan 14 oktober 2014 17:20

Kampioen Epke
Hy is krekt thús: ús eigen Epke, wrâldkampioen op de rekstôk. En wy prate mei him yn Bynt. Hoe hat hy syn gouden oefening belibbe?

Swaailjochtstress
En it is foar elkenien werkenber: je sitte yn de auto en dan: grutte blauwe swaailjochten yn de spegel. Wat moatte je dwaan? Net yn panyk reitsje, seit ambulânsesjauffeur en oplieder Erik Vonk. Hy jout jûn tips oer hoe't je wól it bêste reagearje kinne.

Kommardel.nl
It is Fryske Muzykwike en we gean alle moarnen op paad my Fryske artysten foar húskeamerkonserten. Hjoed: ferslachjouwer Eduard Rekker mei Tet Rozendal.

Amelander palingsound
En dizze wike ha wy yn de studio ek eltse dei in muzikant. Hjoed akkordeonist Daniël Metz. As Amelanner sit hy yn in band fol Volendammers.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)