Bynt fan 14 maaie 2014 18:30

Mei in grutte bus as advokaat de doarpen del. Op dy manier wol Ole Klabou, fan Klabou Advocaten, de drompel leger meitsje foar minsken om juridyske help te sykjen en dêrom docht hy it ek fergees. Bynt gie in stikje mei op de bus en kaam der moaie ferhalen tsjin. En yn de studio prate wy fierder oer dit inisjatyf mei advokaat Bart Canoy. Hoe sjocht hy nei dizze ynnovaasje yn syn beropsgroep?

Bynt sjocht dizze wike alle dagen by de tariedings fan strjitopera 'de Iisfoarstin'. Brecht Wassenaar is net de IIsfoarstin, mar spilet wol de haadrol yn dit teaterstik dat moarn yn de Ljouwerter binnenstêd yn premjêre giet. Brecht is Gerda, in famke fan in jier as 15 dy't nei it hege noarden reiziget om har freon Kay te sykjen. Kay is nammentlik troch de iiskeninginne meinaam.

Se slûpe der yn, mar it is ferrekte lestich om der wer ôf te kommen. Ferfelende gewoantes. Miskien smoke jo wol út gewoante, bite je op 'e neilen of stappe jo altyd mei de linkerfoet út bed. Dat kin hiel ûnskuldich wêze, mar ek hiel ferfelend. Psycholooch Irma van Steijn sit jûn oan tafel om út te lizzen wêrom't sokke gewoantes sa dreech te trochbrekken binne.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)