Bynt fan 14 jannewaris 2015 17:20

Gjin ljipaaisykjen dit jier
Der meie dit jier gjin ljipaaien socht wurde. Dy útspraak die de Ried fan Steat woansdei. Dêrmei is de ûntheffing fan de provinsje foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien ûnjildich ferklearre. Foarsitter Harm Niessen fan de Faunabeskerming, inisjatyfnimmer fan in soad rjochtsaken oer it ljipaaisykjen, fertelt hoe bliid hy is mei dizze útspraak.

Win in ferferming fan dyn ferhaal!
Ien fan de ferhalen fan de jierlikse Fryske ferhalewedstryd, dy't dit jier foar de tredde kear hâlden wurdt, sil dit jier ferfilme wurde troch Bynt. It tema fan de wedstryd is dizze kear: “Lêste kâns”. Jûn sil Anne Popkema fan it Skriuwersboun oan tafel de ôftraap fan de wedstryd dwaan.

Brekber
Tryater spilet de kommende wiken it nije stik 'Brekber' yn museum Princessehof yn Ljouwert. It giet oer in frou mei in grutte samling keramyk. We sjogge hjoed by de tariedings fan it stik, mar ek by de famylje Geersing dy't in loads fol spul sammele hat...

Toskedokter
Mei in fleske limonade op bêd of toch noch in sûkelaadsje foar it sliepen gean. It klinkt lekker en ûnskuldich, mar it soarget by bern foar in eksploazje oan gatsjes. Foaral yn sosjaal swakkere gemeenten as Achtkarspelen komt it foar dat it folsleine gebit fan in bern fan trije jier lutsen wurde moat. Wy prate der oer mei toskedokter Ria van der Meer fan Surhústerfean. Sy docht mei oan in projekt fan TNO en de Universiteit fan Grins om dit oan te pakken.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)