Bynt fan 14 jannewaris 2014 18:30

Jûn yn Bynt: moaie âlde bylden fan de Unis Flyers, de iishockeyklup fan It Hearrenfean dy't eartiids bekend wie as de Feenstra Flyers. Mar we sjogge net allinnich werom, fansels prate wy ek oer de ferwachtings foar dit seizoen. Foarsitter Henk Hoekstra sei by syn oanstelling yn 2011 dat er oer 3 jier lânskampioen wêze woe. Hoe liket it no mei dizze ambysje? Hoekstra is by ús yn de studio, lykas bestjoersleden en âld-spilers Jan Janssen en Marcel Nijland.

En: foarige wike gong der in filmpke rûn op sosjale media dêr't it ski-ûngelok fan Michael Schumacher op te sjen wêze soe. Wa't der sûnder erch op klikte koe ynienen konfrontearre wurde mei in plondere bankrekken. Hoe kin soks? Ynternet-ekspert Schelte Meinsma fertelt der jûn mear oer, en jout tips oer hoe't je sokke foarmen fan oplichting werkenne kinne.

Fierder diel 2 fan de rige 'winterferhalen' oer Adam hurdrider, fertolke troch masterferteller Douwe Kootstra. Eartiids, as it winter wie, krûpten de minsken by de kachel en fertelden elkoar dit soarte ferhalen. Wy wolle jo graach oproppe om sels ek sa'n prachtich winterferhaal te skriuwen en dat mei ús te dielen. Jo ferhaal mei maksimaal 1000 wurden wêze en kinne jo stjoere nei bynt@omropfryslan.nl, of nei de Bynt-Facebook. It moaiste ferhaal wurdt ferfilme foar yn Bynt!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)