Bynt fan 14 febrewaris 2014 18:30

Moarn giet 'Fryslân Woonoffensief' fan start. It idee is om de ferkeap fan wenningen oant 200.000 euro te stimulearjen troch ferskate aksjes en subsydzjes. Bynt wol graach wat mear witte en dêrom oan tafel inisjatyfnimmer en makeler, Albrecht Kok, deputearre Hans Konst en finansjeel adviseur Jan Bruin.

De hiele wike siket Bynt al nei it antwurd op de fraach oft wiere leafde bestiet en hoe't je it goed hâlde as jo lang bymekoar binne. Ta beslút hjoed op Falentynsdei de relaasjeterapeuten Richard Krawczak en Dieneke Reitsema fan Nij Beets. Sy bin mei mekoar troud en sizze dat in relaasje altyd hurd wurkjen bliuwt.

Us fêste gast Berber van den Berg ropt it al skoften yn Bynt: 'sport is folle mear as allinnich in sterk liif'. Dizze Olympyske Spelen yn Sotsji binne neffens har it bewiis. Sjoch nei Sjinkie Knegt dy't benaud is foar syn reputaasje, Sven Kramer dy't net sliepe koe foar syn fiif kilometer en Margot Boer dy't ôfrekkene mei har ivige fjirde plak. It is allegear mentaal neffens Berber...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)