Bynt fan 13 oktober 2015 17:20

Boargemaster Ferd Crone
Fan freed ôf wurde yn it WTC yn Ljouwert 600 flechtlingen opfongen. Yn it WTC wurdt drok wurke om de needopfang klear te krijen. Mar der komt ek in demonstraasje tsjin de opfang. Hoe sjocht boargemaster Crone dêrnei?

De ekonomyske termometer
Mei Bouwe de Boer, de nûmer 26 op de duorsume 100 fan deiblêd Trouw, stekke wy de termometer yn de ekonomy fan Fryslân. Hoe stiet it derfoar mei de duorsumens fan ús provinsje?

Praat mar Frysk
In hiel soad Fryske wurden binne net mear yn gebrûk. Sterker noch, wy witte amper noch wat se betsjutte. Dizze wike yn ús rige Praat mar Frysk: Fergetten wurden!

Genealogy-ûndersyk
Fan wa bisto der ien? It is dé fraach dy’t yn ús provinsje it faakst te hearren is. Direkteur Bert Looper fan Tresoar fertelt oer de jierlikse Genealogyske Kontaktdei, en leit út wêrom de skiednis fan dyn famylje mei de help fan ynternet better en makliker werom te finen is.

BY13JO03

Praat mar Frysk

BY13JO04

Fan wa bisto der ien?

BY13JO02

Wim Terpstra wol ûnôfhinklik wurde fan ‘e enerzjymaatskippij

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)