Bynt fan 13 novimber 2015 17:20

BYNT SPORT OP FREED
Jûn is it wer tiid foar Bynt Sport. Te gast binne sportferslachjouwer Geert van Tuinen en dé ikoanen fan SC Hearrenfean, ynterim-trainer Foppe de Haan en Riemer van der Velde.

Foppe-effekt
Is SC Hearrenfean út it sportive en bestjoerlike delling klommen? Kinne we mei sân punten út trije wedstriden sprekke fan it Foppe-effekt? Tinkt Foppe dat sels ek? Of ferblomje de goeie resultaten in noch hieltyd driigjende krisis?

Is Riemer noch hieltyd de baas?
Hoe sit it mei de ynfloed fan Riemer van der Velde by de Feansters? Is hy de grutte man efter de skermen? En wit hy al wa’t de nije trainer fan SC Hearrenfean wurdt?

Gaos by Cambuur
Mei it oan de kant setten fan assistint Sandor van der Heide is it dien mei de rêst by SC Cambuur. Henk de Jong mei sitten bliuwe, mar sil wol punten pakke moatte yn de kommende wiken. Hoe is it mei de sfear by de Ljouwerters? Sportferslachjouwer Geert van Tuinen leit it út.

En fierder
We hawwe fansels ek wer Henk & Henk’s Sportkwis, we gean in kertierke langer troch op www.omropfryslan.nl/bynt en we binne te gast by Marten de Roon yn Bergamo!

BY13KO03

Ald-spiler fan SC Hearrenfean Marten de Roon spilet tsjinwurdich by Atalanta Bergamo yn Italië

BY13KO04

Kinne wy sprekke fan it Foppe-effekt?

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)